Loas alarm om surfplanke

© Omrop Fryslân
Trije reddingsboaten, in plysjeboat en in marinehelikopter hawwe snein oeren wurk hân fan in 'lege' surfplanke. De bemanning fan in syljacht hie de planke driuwen sjoen op 'e Iselmar en de Kustwacht yn IJmuiden warskôge.
Nei trije oeren sykjen is de aksje stilset. Der waard gjinien fermist en boppedat die bliken dat it om in âlde surfplanke gie.