Bou akwadukt Houkesleat fertrage

19 aug 2001 - 00:00

De bou fan it akwadukt yn 'e Houkesleat rint efter. Yn it foarjier wiene der problemen mei it graven fan in put en in damwand. Freed is de grutste betonstoart oan it akwadukt dien.

Der wurdt op in djipte fan tolve meter 2400 kubike meter beton stoart. Neffens projektlieder De Jong sil der ekstra personiel ynset wurde. Oer in lytse twa jier moat it wurk klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)