5000 minsken by rally Drachten

© Omrop Fryslân
De Clement van Maasdijk-rally op de âlde fleanstrip fan Philips yn Drachten hat sneon sa'n 5000 minsken lutsen. Oan de rally, in soarte fan puzeltocht, diene 54 ultra-light fleantugen mei.
De jierlikse rally is neamd nei de man dy't yn 1910 foar it earst boppe It Hearrenfean fleach. De organisaasje is tefreden oer it tal besikers en it ferrin fan it evenemint.