Feehannel net posityf oer regels

18 aug 2001 - 00:00

De feehannel kin net folle mei de nije regels foar it sammeljen fan slachtskiep. Freed makke it ministearje bekend dat skiep en geiten wer by elkoar brocht wurde meie, as se dêrnei streekrjocht nei it slachthûs brocht wurde.

Dêrmei wurdt de skieppemerk yn Ljouwert en ek eksport wer mooglik. De hannelers fine dat der ek in twadde sammelplak, foar mear bisten, ynrjochte wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)