Swimwetter yn Fryslân fersmoarge

17 aug 2001 - 00:00

Op njoggen ûnoffisjele swimplakken yn Fryslân is it wetter fersmoarge. Dat docht bliken út in ûndersyk dat Wetterskip Fryslân dien hat yn de perioade tusken 30 july en 13 augustus. It giet hjirby net om de bekendere grutte ûnoffisjele swimplakken.

It is foar de tredde kear dat it wetterskip it ûndersyk dien hat. Yn 2000 wiene der noch fjouwer swimplakken fersmoarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)