Noordned wol jild fan provinsje

© Omrop Fryslân
Ferfiersmaatskippij Noordned fynt dat de provinsje opdraaie moat foar de ekstra kosten dy't it bedriuw makket fanwege de ferkearsoerlêst by Sumar. Troch wurksumheden oan de dyk Burgum-Suwâld rinne de bussen flinke fertraging op.
Noordned hat dêrom besletten ekstra taksys yn te setten foar it ferfier nei de doarpen Wergea en Warten. It bedriuw fynt dat de provinsje ferantwurdlik is.