Nije fertochten yn sedesaak

© Omrop Fryslân
Alden fan slachtoffers yn de Ljouwerter sedesaak ha oanjefte dien tsjin noch trije persoanen. Justysje hat oant no ta seis fertochten oanhâlden.
Neffens de âlden dy't oanjefte dien hawwe is der in famyljebân tusken de trije persoanen en de fertochten dy't noch fêst sitte. Helpferlieners geane der fan út dat de kommende tiid noch mear slachtoffers har melde sille.