Wetteroerlêst op 'e Harkema

© Omrop Fryslân
Op 'e Harkema en yn Surhústerfean binne guon strjitten blank komme te stean nei de swiere tongerbuien fan tongersdeitemoarn. Op 'e Harkema wie dat it gefal op De Kriken en de Warmoltsstrjitte.
Yn Surhústerfean wiene de klinkers fan in dyk yn it sintrum net mear te sjen. Ek op de Grinzerstrjitte koe it rioel it wetter net ferwurkje. Yn maaie hat der ek wetteroerlêst west yn Surhústerfean.