Earste bewenners azc Wolvegea
Woansdei binne de earste bewenners oankommen yn it asylsikerssintrum (azc) yn Wolvegea. It nije azc koe sa'n hûndert minsken begroetsje. Yn totaal is der plak foar seishûndert bewenners.
It sintrum sil earst noch net folslein bewenne wurde. In diel fan de akkomodaasje is noch net klear. Pas oan it ein fan it jier is it azc hielendal beset.