Toeristen fêst yn slyk

15 aug 2001 - 00:00

De brânwacht fan Skiermûntseach hat tiisdei mei de rêdingsmaatskippij trije minsken út it slyk helje moatten. De toeristen sieten oan de mul ta fêst yn it slyk by de baai oan it Noardseestrân.

In foarbygonger hie de plysje warskôge. Nei in rêdingsoperaasje fan sa'n trije kertier wiene de toeristen út it slyk befrijd. In tal wiken lyn moasten toeristen fan sânplaten helle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)