Utstalling oer libben yn kampen

© Omrop Fryslân
It Fersetsmuseum yn Ljouwert hat in útstalling iepene dy't in byld jout fan it libben fan Nederlanners yn Jappenkampen. Besikers kinne fragen stelle oan minsken dy't de kampen meimakke ha.
Woansdei wiene der rûnom yn it lân Indië-betinkings. It wie 56 jier lyn dat Japan kapitulearre en Nederlânsk Indië ek wer frij wie. Sûnt in pear jier jildt 15 augustus ek as in befrijdingsdei.