Strafkoartings op 'e nij besjoen

15 aug 2001 - 00:00

Minister Brinkhorst fan Lânbou sil op 'e nij sjen nei de strafkoartings foar boeren dy't mei de tongblierkrisis net oan alle regels foldien ha. Hy hat oan de Twadde Keamer tasein dat besjoen wurde sil oft de boeren ûnridlik straft wurde.

Brinkhorst naam sa de grutte wjerstân fan de mearderheid fan de Keamer tsjin de koartings foar it grutste part fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)