Dobben Slotpleats herstelle

14 aug 2001 - 00:00

Natuermonuminten is út ein set mei de wurksemheden by de Slotpleats yn Bakkefean. De bosk by it monumintale gebou wurdt werombrocht yn de âlde steat.

De dobben yn it gebiet moatte wer wieter wurde. Dêrta moatte beammen kapt wurde. De foarige eigner hie it grûnwetterpeil ferlege foar syn produksjebosk. Gefolch is dat seltsume plante- en bistesoarten driigje te ferdwinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)