Groei bibleteken Achtkarspelen
De bibleteken yn Achtkarspelen krije hieltyd mear leden. Dat docht bliken út it jierferslach oer it jier 2000. Benammen de besiken oan de bibliobus giene omheech, foaral op 'e Harkema.
De gewoane bibleteken skoare ek goed. Yn Surhústerfean komt dat troch in nij gebou. It tal jeugdleden gie it meast omheech yn 'e gemeente. De trend fan in pear jier ferlyn liket dêrmei stilset.