Huldiging IFKS-kampioen

13 aug 2001 - 00:00

IFKS-kampioen Jacob Huisman en syn ploech wurde tongersdei huldige op it gemeentehûs yn Frjentsjer. Huisman waard sneon winner fan it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen. Yn 'e lêste wedstriid waard er twadde en dat wie genôch om de priis te beheljen.

Wethâlder Groot sil de winners tasprekke. It wie foar Huisman de twadde kear op rige dat er it wint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)