Hynders folweardige beropstak

© Omrop Fryslân
De polityk moat de hynstehâlderij serieuzer nimme. Neffens plakferfangend foarsitter fan dy bedriuwstak Werners, is de hynstehâlderij sa stadichoan útgroeid ta in folweardige beropstak.
De hynstehâlderij moat op deselde wize behannele wurde as oare sektoaren, lykas de feehâlderij. Freed waard dêr mei keamerleden oer praat by de iepening fan it Frysk hynstesintrum yn Drachten.