Oplossing foar kap platanen

10 aug 2001 - 00:00

Oer de kap fan de platanen op It Hearrenfean is in kompromis sletten. Fanwege de werynrjochting fan it sintrum moasten 6 platanen kapt wurde. Undernimmers en omwenners makken dêr beswier tsjin. Dy binne it no iens wurden mei de gemeente oer in oplossing.

De trije minste beammen wurde kapt en de trije bêsten krije in nij plakje oan de werynrjochte Dracht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)