Winst foar Ronner
De twadde IFKS-wedstriid by Ychtenbrêge waard tongersdei wûn troch Sietse Ronner. Hy wie by de start fuortendaliks goed fuort en joech syn posysje net mear út hannen.
Jacob Huisman en Eelke Dijkstra farden har eigen rûte en krigen achterôf gelyk. Se rekken op in gegeven stuit samar út de achterhoede wei en einigen as twadde en tredde.