Famke stoarn oan baktearje

09 aug 2001 - 00:00

Yn de Ljouwerter Vrijheidswijk is woansdei in 1-jierrich famke oan de meningokokbaktearje stoarn. Yn Brabân ûntstie de ôfrûne dagen ûnrêst neidat twa bern stoarn wiene oan de baktearje.

Hoe't it famke yn Ljouwert besmet rekke is, is net dúdlik. Yn de wyk dêr't it famke wenne, is woansdeitejûn ûnrêst ûntstien om't de âlders benaud wiene foar besmettingsgefaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)