IFKS-silerij giet wer net troch

08 aug 2001 - 00:00

De IFKS-silerij by Sleat gie woansdei net troch. Troch de stûfe wyn is de wedstriid op 'e mar net fertroud. It is al de twadde kear dat de wyngoaden de boel yn 'e bulten jeie. Sneon waard de earste wedstriid ek al ôflast.

As minder as fjouwer wedstriden trochgean, dan telt de IFKS-silerij dit jier net mei. Nei twa wedstriden stiet titelferdigener Jacob Huisman boppe-oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)