Skylge wol ferbod skulpwinnen

© Omrop Fryslân
Skylge is net tsjin it winnen fan skulpen op it waad, mar easket dochs in ferbod. De Raad van State hat yn maaie de fergunnings skulpen te winnen, ynlutsen.
Nei ûndersyk wol Rykswettersteat no wer grien ljocht jaan oan de skulpefiskers. Skylge makket lykwols op 'e nij beswier. De helte fan de te winnen skulpen soe fan it Vlie komme moatte en dat is net lykwichtich neffens de gemeente.