Flylanner skipper swier ferwûne

07 aug 2001 - 00:00

De skipper fan in rêdingsboat fan Flylân is moandei by de Flylanner haven swier ferwûne rekke. De rêdingsboat wie mei dy fan Skylge oan it oefenjen, doe't de Flylanner skipper yn it wetter foel.

De skipper fan de Skylger boat hie dat net sjoen, mar fernaam dat er ergens oer hinne fear. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Hy hat in brutsen skonk en ynwindige ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)