Tongblierferklearring útsteld

06 aug 2001 - 00:00

Skieppehâlders hawwe noch oan 8 septimber ta de tiid om in tongblierferklearring oan te freegjen. Dat is in attest fan in feedokter dat in bedriuw frij fan 'e sykte is.

Yn earste ynstânsje moasten de skieppehâlders no moandei ferplichte sa'n ferklearring hawwe. Noch mar in lyts part hat it dokumint yn syn besit. It lânbouministearje besleat dêrop ta útstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)