Tafeltje-Dekje-wein is terjochte

© Omrop Fryslân
De frachtwein fan Maaltijd Service Fryslân is weromfûn. De koelwein stie yn in wenwyk yn Britsum mei it iten der noch yn. De auto waard sneon stellen, doe't de sjauffeur in miel by in klant brocht.
Nei oanlieding fan de útstjoering fan Omrop Fryslân Radio kamen in protte tips binnen. Dêrtoch koe de auto weromfûn wurde. Inkeld de radio miste derút.