Man omkaam by oanfarring

© Omrop Fryslân
In 48-jierrige Amsterdammer is snein om it libben kaam troch in ûngemak op it wetter. Hy wie mei in man út Ballum oan it silen by It Amelân. In 65-jierrige man út Hollum makke mei syn motorboat ynienen in bocht en klapte tsjin de katamaran fan de Ballumer oan.
De Amsterdammer waard mei swiere ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Dêr is er letter ferstoarn.