Reboelje om loempiadiske

05 aug 2001 - 00:00

In dôfhûdige ynwenner (24) fan Appelskea moast sneontenacht mei nei it plysjeburo om't er de lufel fan in loempiadiske yn syn wenplak dellûke woe. De plysje seach de man dwaande en warskôge him mear as ienkear. Mar de man woe net om lyk.

Doe't de plysje him oppakke woe, waard er dûm en besocht er de aginten fan 'e lea te hâlde. Nei ferhear op it buro is de Appelskeaster wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)