Koart sportnijs
Uppie Bos út Jobbegea is snein as tredde einige op 'e EK gersbaanraces yn Noardwâlde. Theo Pijper waard fjirde. De titel gie nei Mike Groen fan Balkbrug.
De jongeskeatsers sitte yn 'e wike foar de Freulepartij. De winst fan 'e ôfdielingspartij yn Wytmarsum gie sneon nei Wommels. Sy wûnen yn 'e finale fan Mantgum.