Drachtster omkommen by ûngelok

04 aug 2001 - 00:00

In 26-jierrige automobilist út Drachten is sneon by in iensidich ûngelok yn syn wenplak om it libben kommen. Hy rekke op de A7 by de ôfslach De Haven mei syn wein fan 'e dyk.

Trije ynsittenden binne mei lichte ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. It giet om in man fan 28 út Drachten, in man fan 25 jier út Grins en in man fan 26 út Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)