Bolkoppenrace dit jier by Starum

© Omrop Fryslân
De Bolkoppenrace wurdt dit jier hâlden yn it wykein fan 6 oktober, op 'e Iselmar by Starum. Dizze wedstriid foar tradisjonele skippen wurdt it iene jier foar de Fryske kust en it oare jier by Enkhuzen hâlden.
Der wurde twahûndert dielnimmers ferwachte. De wedstriid stiet iepen foar skippen mei in saneamde bolle kop, lykas botters, Lemster aken en skûtsjes.