Snits wint, Grou is kampioen

03 aug 2001 - 00:00

Snits is foar de tredde kear as earste einige by de SKS. De lêste wedstriid wie freed op de Snitsermar. Nei oardeloere wie de wedstriid al dien. It wie fanwegen it begjin fan de Snitswike om 13.00 oere begûn. Ulbe Zwaga waard twad en De Lemmer waard tred.

Berend Mink fan Grou besleat om net te starten. It waaide him te bot. Grou is lykas ferline jier kampioen wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)