Unkrûd bestride mei hyt wetter

06 mrt 2012 - 10:17

It ûnkrûd yn de gemeente Ljouwert wurdt de kommende tiid mei hyt wetter bestriden. Dat is foar Ljouwert in nije oanpak, omdat oant no ta boarstels en meanmasjines ynset waarden. Foar it bestriden mei hyt wetter wurde trije masines brûkt. Dy ride net neffens fêst skema, mar wurde oproppen as dat nedich is. Neist de masines binne ek lytsere apparaten beskikber, dy't foar losse planten ynset wurde.

It giet foarearst om in proef fan twa jier. Dêrnei besjocht Ljouwert oft der in ferfolch komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)