AZC-Appelskea wol mear bern

03 aug 2001 - 00:00

In fout yn de prognoaze oer it tal learlingen foar de azc-skoalle fan Appelskea kostet de gemeente Eaststellingwerf 325 tûzen gûne.

By de ynskatting is sjoen nei de sitewaasje yn it azc op 'e Jouwer. Krekt dêr wenje in soad skoalbern, mar dat giet foar Appelskea net op. Yn stee fan de ferwachte 90 skoalbern kamen mar 52. Appelskea hat no gesinnen mei bern frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)