Wapens fûn yn Frjentsjer
Woansdeitemoarn binne yn wenningen yn Frjentsjer en Minnertsgea hússikingen dien. Yn de wenning fan de 32-jierrige Minnertsgeaster is in revolver mei patroanen fûn.
Yn it hûs fan de 28-jierrige Frjentsjerter binne twa pistoalen mei munysje, in oefengranaat, in streamstjitwapen en noch in tal stekwapens fûn. De wapens binne yn beslach naam.