Fjochtpartij yn Snits

© Omrop Fryslân
Woansdei wie in groep fan sa'n 30 minsken belutsen by in fjochtpartij yn Snits. Twa famkes fan 13 en 14 jier wienen lêstich fallen troch twa manlju fan 22 en 26 jier. Se fertelden dit thús en de heit waard sa lilk dat er mei kunde op syk gong nei de manlju.
Op de Oosterdyk kaam de groep de 26jierrige man tsjin. Hy krige klappen. De plysje hat de groep tsjinhâlden.