Húsdieren kinne net nei dokter

02 aug 2001 - 00:00

Eigners fan lytse húsdieren op Skiermûntseach kinne dizze moanne net mei har bisten nei de feedokter. It wyklikse sprekoere wurdt dien troch de praktyk yn Dokkum. Mooglik hâldt it sprekoere hielendal op.

De Dokkumse praktyk hat in tekoart oan feedokters en de lange reistiid spilet ek parten. Foar lânboufee komt der alle fjirtjin dagen in dokter op it eilân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)