Fleanbasis poer oer laserpen

SAR © Omrop Fryslân
De fleanbasis Ljouwert nimt it beskinen fan in helikopter mei in laserpen moandeitejûn heech op. Dat barde út Sint Anne wei. Neffens de loftmacht is soks libbensgefaarlik en dêrom wurdt ek altyd oanjefte dien by de maresjesee. Neffens in wurdfierder fan de loftmacht is de SAR-helikopter moandeitejûn trije kear mei in laser beskynd.
Mei help fan apparatuer oan board kin frij goed besjoen wurde op wat foar lokaasje as de persoanen mei de laserpen stiene. Der binne noch gjin oanhâldings ferjochte.
Steatssiktaris Joop Atsma hat ferline wike krekt oankundige dat hy it bestraffen fan it beskinen mei in laserpen makliker meitsje wol.