Benefytkonsert foar slachtoffers

02 aug 2001 - 00:00

Der komt in benefytkonsert foar de slachtoffers fan de ramp yn Volendam. It inisjatyf komt fan frijwilligers dy't by omrop Noorderbreedte wurkje. Se meitsje programma's foar pasjinten fan sikehuzen fan Zorggroep Noorderbreedte.

Neffens de inisjatyfnimmers is der noch altyd jild nedich. It konsert moat yn septimber op it Saailân yn Ljouwert hâlden wurde. It program is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)