Rekreaasje soarget foar oerlêst

© Omrop Fryslân
Buggykite taastet de natuer op Skylge oan. Mei in karke oan in draak fleane de leafhawwers fan it buggykiten oer it strân en yn de dunen. Benammen de fûgels ha der lêst fan om't it hiel hurd giet.
It kin lykwols noch slimmer. Oan de kust fan Noard- en Súd -Hollân binne ek kitesurfers, paintballers en mountainbikers aktyf dy't foar in soad oerlêst soargje. It buggykiten op Skylge wurdt oanpakt.