Lugubere fynst yn Ljouwert

01 aug 2001 - 00:00

In lugubere fynst tiisdei yn it wetter fan de Emmakade yn Ljouwert. In 43jierrige frou seach wat aparts yn it wetter driuwen en helle it derút. Nei alle gedachten giet it om in pear longen. Net dúdlik is oft se fan in minsk of in bist binne.

De organen binne oerbrocht nei sikehûs MCL-Súd. Ek dêr koe gjinien opheldering jaan. Neier ûndersyk folget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)