Op 'e nij minsken fêst op Skier

31 jul 2001 - 00:00

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat moandei trije Dútsers fan de sânplaat foar de fjoertoer helle. In 40-jierrige man en syn beide bern waarden oerfallen troch it opkommende wetter. Se koene sels net mear fan de sânplaat ôfkomme.

Snein moast de rêdingsboat 30 minsken fan de sânplaat helje. De plysje hâldt no ekstra tafersjoch. Ek oar de sânplaten by It Amelân wurdt warskôge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)