Werynrjochting Hearrenfean los

© Omrop Fryslân, Dirk Baron
Yn it noardlik part fan it sintrum fan It Hearrenfean is tiisdeitemoarn begûn mei de werynrjochting. It giet ûnder oare om de Alde Komerk en de Crackstrjitte. Fan 'e strjitten wurdt de bestrating fernijd en ek wurde beammen ferfongen. Dat wurdt dien omdat de besteande beammen noait goed útgroeid binne.
It ferfangen fan de bestrating is nedich omdat op in soad plakken kûlen sitte. It wurk, dat in heal miljoen euro kostet, moat foar de simmer klear wêze. It sil wol foar oerlêst soargje.