Lotting PC bekend
Moandei is yn Frjentsjer lotte foar de 148e PC. Yn de earste omloop komme fuortendaliks de partoeren fan Johannes Dijkstra en Pieter van Tuinen al tsjinoer inoar te stean.
Johan Okkinga keatst syn 13e en lêste PC. Syn partoer lotte net ûngeunstich. Klaas Anne Terpstra, ferline jier kening, moat tsjin syn maten fan doe, Dirk Jan van der Woud en Klaas Berkepas.