Wer winst foar Grou

© Omrop Fryslân
Berend Mink hat mei it Grouster skûtsje de sande SKS-wedstriid wûn. By Wâldsein wûn er mei tige romme foarsprong. Twad waard Snits, tred De Heale Moanne fan Drachten. Foar eigen publyk die Wâldsein it knap mei in fjirde plak.
Grou giet no ûnbedrige oan de lieding yn it klassemint. De eardere nûmer twa, Boalsert, hie in minne dei. Snits stiet no twadde, De Jouwer dêr krekt efter.