Koart plysjenijs
Op Skylge binne dit wykein 3 drugsdealers oppakt. De manlju, 2 fan 19 en 1 fan 20 jier út Bloksyl en Leusden, hiene XTC, weed en speed by har. De plysje hat de drugs yn beslach naam. De manlju sitte fêst.
Sneintejûn is in 34-jierrige Harnser mishannele yn in kafee oan de Schritsen. De man krige in pear klappen op 'e holle, hy rûn in harsenskodding op.