SP, PvdA solidêr mei Caparis

06 mrt 2012 - 09:40

De SP en PvdA yn Smellingerlân roppe ynwenners fan 'e gemeente op om op 22 maart te demonstrearjen yn Den Haach. Meiwurkers fan 'e sosjale wurkfoarsjennings fiere dêr dan aksje tsjin besunigings op har wurk.

SP en PvdA fine dat ynwenners fan Smellingerlân har stypje moatte yn dy striid. De oprop om mei te demonstearjen stiet yn in moasje dy't tiisdei behannele wurdt yn de rie fan Smellingerlân. Dêrby wurde de partijen ek oproppen har ôfkeuring út te sprekken oer oare besunigings by minima.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)