Snitser skûtsje wint by Starum

© Omrop Fryslân
Douwe Visser hat sneon de wedstriid op de Iselmar by Starum wûn. Hy wie lykwols net bliid. Nei de wedstriid hat hy sein dat hy de silers dit jier tige ûnsportyf fynt.
Yn it begjin fan de wedstriid leinen Earnewâld en Snits oan kop. Letter naam Snits de lieding en bleau ek fier foar de oaren út silen. Ljouwert is healwei út de wedstriid gongen nei in protest.