'Victoria Park koerst wol'

06 mrt 2012 - 09:36

De drafbaan fan Wolvegea is op dit stuit net fan plan om de koersen fan dit wykein ôf te lassen fanwege it rhinofirus. Dat seit baanmanager Ralf Dekker. Salang as der allinnich gefallen fan besmetting bekend binne yn Gelderlân sjocht Wolvegea gjin oanlieding om de wedstriden fan dit wykein te skrassen.

Neffens Dekker wurdt wol yn de gaten hâlden oft der ek sprake is fan sykte binnen in straal fan 10 kilometer om de stâlen wêrfan't hynders op Wolvegea drave. Mar dat is no noch net it gefal.

As der tefolle ôfsizzings komme bestiet der in kâns dat de draverijen op Victoria Park yn Wolvegea dit wykein dochs net trochgeane. Sponsoren sjogge it trochgean fan de wedstriden dan net sitten. Dekker joech earder oan op dit stuit gjin reden te sjen om de koersen te skrassen fanwege in útbraak fan it rhinofirus yn Gelderlân. Wol wurdt de syktesituaasje goed yn de gaten hâlden. Mar as it net slimmer wurdt, geane de draverijen troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)