Maisdoalhôf makke yn Wytmarsum

28 jul 2001 - 00:00

Anneke Tolsma (15) hat yn har wenplak Wytmarsum sels in doalhôf makke yn in maisfjild. It mais is sa'n 2,5 meter heech. Minsken kinne tsjin betelling fan in gûne troch it doalhôf rinne.

De opbringst is bestimd foar de stifting 'Doe een wens'. Dizze stifting lit winsken útkomme fan slimsike bern tusken de 3 en 18 jier. Foarich jier hat der ek in doalhôf west, opbringst wie doe f 600,=.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)