Net folle strângasten Oostmahorn

© Omrop Fryslân
De hoareka by it strân fan Oostmahorn sjocht de takomst net fleurich yn. Der komme net folle gasten mear op it strân. It oanlizzen fan it fakânsjepark Ezonstad soe dêr debet oan wêze.
It swimwetter is dêrtroch min te berikken. Der binne ferline jier ek in soad beammen fuorthelle, wêrtroch de gasten mear lêst ha fan de wyn. De ûndernimmers jouwe oan dat der in camping komme moat.