Autobestjoerder út Grou omkaam
Op de Stukenwei tusken Garyp en Warten is tongersdeitejûn in slim ûngelok bard wêr't de bestjoerder by om it libben kaam is. De bestjoerder, in man út Grou, ried tsjin in beam. Hy wie op slach dea.
Op oanslutende diken, lykas de Wâldwei, hat it ûngelok tydlik foar grutte opstoppings soarge omdat doe krekt de jûnsspits op gong kaam. It ferkear is oer ien rydstrook laat.